Jetze wint Wiskunde-Olympiade

23 apr 2012 - 11:21
  • Wiskunde-Olympiade

De 17-jierrige Jetze Zoethout út Goutum hat de heechste skoare helle by de Wiskunde-Olympiade foar de Benelúks dy't dit wykein yn België hâlden is. Hy krige in gouden medalje foar syn prestaasje. Jetze is learling fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert. Hy sit by it Nederlânsk team dat de Olympiade wûn.

By dy Olympiade moatte learlingen fan it middelber ûnderwiis út België, Nederlân en Lúksemboarch fjouwer wiskunde-opjeften meitsje. Djurre Tijsma fan Beyers Naudé siet ek yn it Nederlâns team. Hy krige in earfolle fermelding

Troch syn gouden medalje mei er mooglik ek meidwaan oan de ynternasjonale Olympiade. Dy is dizze simmer yn Argentinië. De seleksje foar dy wedstriid wurdt lykwols pas letter dit jier bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)