Man smyt 60 fytsen yn grêft

In man dy't yn de war wie, hat sneintejûn yn Ljouwert sechtich fytsen yn 'e grêft smiten. Omstanners seagen dat en hawwe de 40-jierrige Ljouwerter pakt en oan de plysje oerdroegen. De man ferklearre dat er dy fytsen deryn smiet dêr't er fan tocht dat se 'stellen wiene'. Hy woe se 'wytwaskje'.
De plysje en de omstanners hawwe fyftich fytsen wer boppe wetter helle. Sawat tsien lizze der noch yn, neffens de plysje. De man sil beoardielde wurde in dokter fan de GGD.