Barista-wedstriid Ljouwert los

23 apr 2012 - 10:01

Yn kafee-restaurant De Vrouwenpoort yn Ljouwert is moandei om kofjetiid de wedstriid 'Barista 058' útein set. Oan de wedstriid wa't de bêste espresso en cappuccino fan Ljouwert makket dogge njoggen horekasaken mei. Sy wurde kritysk folge troch in fjouwerkoppige sjuery ûnder foarsitterskip fan barista Niels van Felius fan Hegeskoalle Stenden.

De inisjatyfnimmers wolle mei de wedstriid Ljouwert op de kaart sette as stêd dêr't je kwalitatyf goeie kofje drinke kinne. Der binne yn Ljouwert in soad kofjesaken bykaam de lêste tiid.

De barista's moatte elts yn in heal oere tiid trije dranken meitsje en serveare: espresso, cappuccino en in 'kofje nei kar', in fariant dy't de barista sels betocht hat. Wurkwize en produkten wurde beoardiele neffens in wiidweidich wedstriidreglemint. Pas oan 'e ein fan 'e dei wurdt bekend wa't de bêste barista fan Ljouwert is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)