Gjin treinferkear nei ûngelok

23 apr 2012 - 07:54
  • NS-trein

Troch in ûngelok moandeitemoarn by de spoarweioergong Spoarbuorren Súd yn Kollumersweach ride der gjin treinen tusken Hurdegaryp en Bûtenpost. Op it spoar is om sân oere hinne in persoan oanriden troch in trein. De spoarweioergong is stremd foar it ferkear.

De plysje tinkt dat it noch wol even duorret foardat it treinferkear wer op gong komt. Der wurde bussen ynset.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)