Snits Wyt Swart nije koprinner

Snits Wyt Swart is troch de 1-0 oerwinning op Juliana '31 de nije koprinner yn de sneinshaadklasse C. Yn de earste helte krigen de gasten út Malden de grutste kânsen, mar twa goeie rêdings fan doelman Theo Timmermans holden de Snitsers yn 'e wedstriid.
Fuort nei rêst wie it Thijs Goes dy't mei in moai ôfstânsskot it iennige doelpunt op it skoareboerd sette. Troch it ferlies Alcides steane de Snitsers no op it earste plak. Be Quick 1887 stiet no twadde, mei in wedstriid minder.