Feansters tinke mei oer nij gebou Accolade

22 feb 2016 - 13:55

Ynwenners en ûndernimmers fan It Hearrenfean hawwe mei tocht oer hoe't it nije gebou fan wenningboukorporaasje Accolade der út komt te sjen. Neffens direkteur Rein Swart fan Accolade hat dit foar in ferrassend ûntwerp soarge.

It kantoargebou dêr't de korporaasje no yn sit op It Hearrenfean wurdt yngreven ferboud. It wurdt duorsum en enerzjysunich makke. Ek wurdt der romte makke sadat der plak is foar meiwurkers fan oare lokaasjes.

Moandeitemoarn binne de wurksumheden úteinset. Yn oktober moat it klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)