It Reade Krús siket nije frijwilligers
It Reade Krús hat yn Fryslân ferlet fan goed hûndert nije frijwilligers. It leafst mei in EHBO-eftergrûn. De minsken binne nedich sadat se ynsetten wurde kinne by eveneminten, mar der is ek ferlet fan frijwilligers dy't helpe kinne by de ferskate opfanglokaasjes foar flechtlingen. Dêr hâldt it wurk faak ek net op by it plakken fan in pleister, mar moatte de frijwilligers ek faak in skouder biede.
Moandei begjint in grutte lanlike wervingskampanje yn de hoop dat minsken oer de streek lutsen wurde om frijwilliger te wurden.