Wurksumheden Achmeatoer binne klear

© Kappers Media
De wurksumheden oan de Achmeatoer yn Ljouwert binne klear. In 140 meter hege boukraan hat in nije glêzewaskynstallaasje op de toer te plak brocht. Op dit stuit wurdt de kraan wer opromme. As dat klear is, wurdt de Lange Marktstrjitte wer frijjûn.
Dy strjitte is al in pear dagen ôfsletten yn ferbân mei de wurksumheden. De nije ynstallaasje soe dit wykein pleatst wurde, mar troch de hurde wyn koe dit net trochgean.