Meiwurkers Scapino bypraat oer takomst

22 feb 2016 - 12:06

Meiwurkers fan Scapino wurde moandei en tiisdei bypraat oer de takomst fan it filiaal dêr't se wurkje. Dêrmei komt in ein oan twa moanne fan ûnwissens.

Ein desimber waard bekend dat memmebedriuw Macintosh Retail yn de problemen siet. Begjin jannewaris waard it fallyt ferklearre. In pear wiken letter waard bekend dat ûndernimmer Henk Ziengs Scapino oernaam.

Filiaalmanagers, ferkeapmeiwurkers en opropkrachten sille de kommende oeren ynljochte wurde oer de takomst. Scapino hat op dit stuit 18 fêstigingen yn Fryslân.

Trefwurden: 
Scapino
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)