Bewenner opfang Ljouwert pakt foar fernieling

22 feb 2016 - 09:50

Foar it fernielen fan in doar is in 52-jierrige ynwenner fan de gemeente Achtkarspelen sneintenacht oanhâlden. De man siet yn in opfang oan de Oostergowei yn Ljouwert. Fanwege bedrigingen nei it personiel wie de man út de opfang setten. Hy skopte fan lilkens tsjin de tagongsdoar dy't dêrtroch skansearre rekke.

It personiel fan de opfang hat oanjefte dien. De man sit noch fêst.

Trefwurden: 
fernieling Ljouwert opfang
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)