It Heidenskip is súksesfol op WK toulûken

22 feb 2016 - 07:55

De toulûkferiening fan It Heidenskip hat in súksesfol WK achter de rêch. Der binne op it kampioenskip yn Volendam twa twadde prizen en in tredde priis yn de wacht sleept yn ferskate kategoryen.

De mannen wiene mei twa teams oanwêzich. As klup hellen se dêrmei in twadde en in tredde priis binnen. En om't se sa sterk wiene, bestie it folsleine Nederlânske team út mannen fan It Heidenskip en omkriten. Mei dat team waard sulver wûn. Doel is no om har te pleatsen foar it WK yn 2018 yn Sina.

Trefwurden: 
toulûken It Heidenskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)