UNIS Flyers wint ek by Geleen

© Omrop Fryslân, Freark Wijma
UNIS Flyers hat sneintejûn de drege útwedstriid tsjin Geleen mei 7-1 wûn. Benammen yn de twadde perioade gong it dat it slydjage mei de Feanster iishockeyers. Brent Janssen soarge yn it earste bedriuw foar de Feanster foarsprong. Dêrnei wiene Ronald Wurm, Brent Janssen (2x), Mark Hoekstra en Kevin Nijland de doelpuntemakkers. Pippo Limnell soarge foar de 7-0. Krekt foar de ein, nei in flinke knokpartij, foel de earetreffer fan Geleen.