FIDEO: Rolstoelbasketballers fan DOV en Dyna yn earedifyzje

Foar it earst sûnt 2004 is der wer in Frysk rolstoelbasketbalteam aktyf yn 'e earedifyzje. De rolstoelbasketballers fan DOV út Ljouwert en Dyna fan It Hearrenfean wurkje gear om sa op it heechste nivo spylje te kinnen. De resultaten binne der allinne noch net. Alle tolve wedstriden yn 'e earedifyzje waarden oant no ta ferlern. Mar dochs sette se troch, want dat is wichtich foar de sport yn Fryslân.