Deade dolfyn spielt by Harns oan

By Harns is snein in dolfyn oanspield. It bist wie al in skoft dea. It folwoeksen bist fan 1 meter 60 is ophelle en wurdt moandei oerbrocht nei de universiteit fan Utrecht. Dêr wurdt ûndersyk dien nei de deadsoarsaak. Mooglik giet it dêrnei nei de kolleksje fan Naturalis yn Leiden.
It is frij unyk dat sokke dolfinen yn de Waadsee binne. Se swimme yn groepen en nei alle gedachten is dit bist út koers rekke.
Ein jannewaris spielde by Harns ek in dolfyn oan dy't nei alle gedachten by deselde groep hearde. Dat bist is mei heech wetter wer ferdwûn en net wer oantroffen. Oan de hân fan foto's is te sjen dat de no oanspielde dolfyn in oar bist is om't syn ferwûnings oars binne. Dizze dolfyn heart net ta in bedrige soart.