Bauke Mollema einiget as tredde yn Ruta del Sol

argyffoto © ANP
Bauke Mollema is tredde wurde yn it einklassemint fan de Ruta del Sol. De hurdfytser út Ljouwert einige yn de fyfde en lêste etappe as twadde efter Alejandro Valverde. De Spanjert waard úteinlik ek de winner fan de rittekoers yn it Spaanske Andalusië.
Yn de lêste etappe, mei fiif pittige beklimmings, kaam Valverde solo oer de streep. Hy naaide der sân kilometer foar de ein út. Mollema gong noch wol efter him oan, mar kaam net echt tichteby. Mollema klom wol nei it tredde plak efter Tejay van Garderen. Wilco Kelderman waard fjirde.