Snits Wyt Swart spilet lyk yn Den Haach tsjin HBS

Topklasser Snits Wyt Swart hat snein mei 1-1 lykspile tsjin HBS. Yn Den Haach wie de rêststân noch 0-0, mar nei hast in oere spyljen makke Mike de Geer de 1-0 foar HBS. Twa minuten foar tiid kaam dochs noch de Snitser lykmakker. Ut in frije traap fan Alwin Velds makke spits Age Hains Boersma de 1-1.
Troch it lykspul klimt Snits Wyt Swart nei it 14 plak mei 18 punten út 20 wedstriden. De Snitsers ha fiif punten mear as de nûmer lêst OJC Rosmalen en ien mear as nûmer 15 Magreb '90, mar wol in wedstriid mear spile as Magreb.