Ljouwerters begjinne aksje om tal húsútsettings te beheinen

21 feb 2016 - 12:51

Ljouwerter Theo Douma is mei in tal oaren in aksje begûn om it tal húsútsettings safolle mooglik te beheinen. Allinnich yn Ljouwert al moatte jierliks sa'n 240 minsken har hûs út om't se de skulden net mear betelje kinne.

De inisjatyfnimmers ha in online-filmke makke oer it ûnderwerp. Yn fjouwer dagen tiid is dat al goed 30.000 kear besjoen. Doel is úteinlik de wetjouwing yn Den Haach oanpast te krijen. Sadat yn alle gefal foarkommen wurde kin dat gesinnen mei bern har hûs út moatte.

Ien fan de stipers is PvdA-riedslid Hein de Haan fan Ljouwert. Ut syn deistich wurk wei by in wenningboukorporaasje is er direkt belutsen by húsútsettings. Neffens De Haan is it belangryk dat minsken mei grutte finansjele swierrichheden yn in earder stadium holpen wurden as no it gefal is. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)