Wout Zijlstra junior pleatst him foar WK junioaren

21 feb 2016 - 10:34

De 18-jierrige Wout Zijlstra junior út Folsgeare hat him sneon pleatst foar it WK atletyk foar junioaren, fan 't simmer yn Poalen. Zijlstra gie op it NK atletyk yn Apeldoorn by it kûgelstjitten oer de limyt. Hy smiet syn kûgel fan seis kilo oer in ôfstân fan 18 meter 91. Hy waard dêr Nederlânsk kampioen mei. It is ek in nij Nederlânsk rekôr.

Wout Zijlstra junior stiet no op de Nederlânske ranglist fan alle tiden achter ûnder oaren Rutger Smit, mar foar âld-kampioen Erik de Bruin. Wout junior is de soan fan sterke man Wout Zijlstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)