Arjan Stroetinga wint lêste maraton, Berga it einklassemint

20 feb 2016 - 23:42
  • Arjan Stroetinga

Arjan Stroetinga hat sneontejûn de lêste maraton fan it seizoen wûn. Yn Alkmaar wie de Waskemarder de rapste fan in kopgroep fan sân man. Yn dy kopgroep sieten fiif riders út de twa ploegen fan Jillert Anema. De Italiaan Fabio Francolini waard twadde en Simon Schouten, ploechmaat fan de winner, tredde. Ingmar Berga waard sûnder te riden winner fan it einklassemint. Berga waard troch Anema bûten de ploech hâlden. Dit ta grutte frustraasje fan de Cup-winner, dy't takom seizoen by in oare ploech rydt.

By de froulju gong de winst nei Ineke Dedden. Janneke Ensing waard winner fan it einklassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)