Aris ferspilet romme foarsprong en ferliest fan Rotterdam

Aris © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris kinne mar net de barriêre fan ferliespartijen trochbrekke. Yn en tsjin Rotterdam like der wer ris in oerwinning te kommen, mar yn it lêste kwart pakte de thúsploech dochs noch de winst mei 85-81.
Healwei hiene de Ljouwerters noch in aardige marzje mei in foarsprong fan 16 punten (35-51). Coach Klaas Stoppels, de ferfanger fan de sike Michael Schuurs, seach dat syn ploech it yn it tredde kwart dochs dreech krige (54-64) en dêrnei ek noch belies jaan moast.