Winnend Harkemase Boys rint fierder út

Harkemase Boys hie wer ris in gouden sneon. Sels wûn de ploech yn de jûnsoeren mei 4-2 by HZVV yn Hoogeveen. De nûmer twa Excelsior '31 ferlear thús fan AZSV en de nûmer trije Staphorst gong ûnderút by VVOG.
Yn Hoogeveen sette Joram Smits de Boys al gau op foarsprong. Robin Huisman de Jong út in strafskop en Henny Bouius soargen foar de 3-0 foarsprong by it skoft. Yn de twadde helte kaam de lêste Harkemaster treffer fan Arton Musliu. Dêrnei die thúsklup HZVV noch twa kear wat werom.
It team fan trainer Jan Vlap hat no in foarsprong fan njoggen punten op Excelsior en mei in wedstriid minder spile. Staphorst hat tsien punten minder. Takom sneon is de ynhelwedstriid Staphorst-Harkemase Boys.