ONS Boso Snits rint wer tsjin ferlies oan

20 feb 2016 - 16:56
  • Yumé Ramos nei in miste kâns

ONS Boso Snits rûn sneon tsjin it trettjinde seizoensferlies oan. Op eigen fjild ferlearen de Snitsers mei 4-0 fan Spakenburg. De ploech fan trainer Richard Karrenbelt begûn goed oan de wedstriid, mar nettsjinsteande de kânsen foel it doelpunt yn de 36e minút oan de oare kant. Nei it skoft wreide Spakenburg de foarsprong út nei 2-0. Dêrnei wie de kriich fuort by de Snitsers en koe Spakenburg útrinne nei in romme oerwinning.

Troch it ferlies bliuwe de Snitsers stean op 18 punten út 21 wedstriden, no op it lêste plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)