Tredde lykspul foar Drachtster Boys

Drachtster Boys pakte sneon it tredde lykspul fan it seizoen. De ploech fan trainer Marius Hendriks spile 1-1 lyk tsjin CSV Apeldoorn. Op eigen fjild sette Sicco Bouwer de betide iepeningstreffer op it boerd, yn de 22e minút. Dizze foarsprong bleau lang op it boerd stean. Mei noch tsien minuten op 'e klok krigen de Drachtsters it lid op 'e noas doe't de gasten út Apeldoorn op likense hichte kamen. Mei in strafskop tekene CSV Apeldoorn foar de 1-1 einstân.
Troch it lykspul komme de Drachtsters op 3 punten út 17 wedstriden.