Fragen oer deadsbedrigingen oan adres Jitse Akse

20 feb 2016 - 16:04

De partij Voor Nederland (VNL) stelt fragen oan de minister fan Feilichheid en Justysje oer de deadsbedrigingen oan it adres fan de Ljouwerter Jitse Akse.

IS hat fia Twitter witte litten dat in priis op de holle fan de 46-jierrige Akse stiet. Se wolle him dea ha om't er yn Syrië tsjin IS fjochte hawwe soe en dêr IS-striders deade ha soe. Fanwegen de bedrigings sit Akse ûnderdûkt en wurdt er befeilige.

Trefwurden: 
Jitse Akse IS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)