Bestjoerder botst tsjin beam by Starum

20 feb 2016 - 12:42

By Starum is sneon oan de ein fan de moarn in 21-jierrieg ynwenner út Starum ferwûne rekke. Op de Koeweg rekke de automobilist troch ûnbekende oarsaak yn de berm en botste nei in stjoerkorreksje tsjin in beam oan de linkerkant fan de dyk. Minsken fan de brânwacht hellen de bestjoerder út de auto. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Snits brocht. Troch it ûngelok rekke de auto folslein fernield.

Trefwurden: 
Starum ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)