Oprop: meitsje muzyk dy't it lânskip ferklanket

20 feb 2016 - 10:54

Boargerinisjatyf Kening fan 'e Greide siket muzikanten dy't it lânskip ferklankje. Mei de stichting Friesland Pop siket Kening fan 'e Greide oanstoarmjend talint dat him ynspirearje lit troch in lânskip moarns betiid yn de maaitiid. Belangstellenden kinne nûmers meitsje yn 'E-minor' en dy dan opstjoere.

Idee is dat de bêste inisjativen brûkt wurde foar tal fan projekten fan Kening fan 'e Greide. Der komt ek in jam- en ynspiraasjesesje yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert ûnder lieding fan muzikant en komponist Sytze Pruiksma.

Lês mear oer it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)