Kollum: "Skamje dy, Johannes"

20 feb 2016 - 09:19

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Wêr moatte we it oer ha dizze wike?
Oer Ed Nijpels? Dy’t ynienen foarsitter wurdt fan in groepke lju dy’t nei ús melkfeehâlderij sjen sille? Nijpels, dy’t noch nea in klute klaai oan syn learzens hân hat. Ik tink ek dat er krekt as Hermans net ien wist dat hy wer earne foarsitter fan wurden wie. Dy’t no mei Felix Rottenberg yn de slach moat, want dy sit ek yn dy kommisje en dy kin Nijpels net iens snuven hearre. Nijpels? Ach lit mar. As it regear net mear wit hoe as wat, dan smite se der wer sa’n kommisje yn. Dan kinne wy nei in soad tiid en jild wol wer fierder sjen.

Oer Reinier Paping? Dy’t tongersdei 85 waard, mar noch presys deselde is as doe’t er yn 1963 de alvestêdetocht wûn. Se lieten dêr yn it reedrydmuseum yn Hylpen de bylden sjen dat der doe twa man wiene dy’t him dêr by Sibrandahûs goed út de wyn hâlden. Paping seach fleurich om him hinne en sei krekt as 53 jier lyn: "Ik koe der dochs neat oan dwaan dat dy mannen dêr riden giene." Paping? Ach nee, yn fleur betinke sa’n man. Bliuwt ús held.

Oer Gert Jan Verbeek? Dy’t opnij de lokrop fan de Hearrenfeansupporters net beändere, hy komt krekt as de alvestêdetocht wer net. Hy moat nammentlik noch twa jier as analist safolle oare trainers misledigje, dat as er dan wol weromkomt, mei elkenien spul hat. Verbeek? Ach, as der net mear grimmitigens yn de Hearrenfeanspilers komt, dan komt hy nea. 

Oer Eric ter Keurs? Dy’t ynienen sei op te stappen as boargemaster van Tytsjerksteradiel om't er syn gesin wichtiger fynt as in aanst ferdwinende gemeente dêr’t Waanders dochs boargemaster fan wurdt. Ter Keurs die it netsjes op tiid. Keurich. Ter Keurs? Hoe sjocht dy man der eins út, hat dy ús wolris yn de wei west?

Oer dy bedriuwslieder by firma De Boer yn Drachten? Dy't no oanklage wurdt om't hy gjin iepenbier homoseksuele stazjêre ha woe. Dy't oan de grûn ta ôfbrând wurdt, om't hjir de publisiteit as wapen brûkt is. De bedriuwslieder? Ach, as it net yn de krante stien hie, dan hie inkeld immen efkes tsjin him sein: "Jonge dat kin net watst dochst, stel je foar dat it yn de publisiteit komt."

Oer tweintich mikrofoanen? Dy’t om de fleanbasis hinne komme. Yn 2017, dus it binne JSF mikrofoanen. Dy’t registrearje moatte hoe lûd oft dy dingen binne. Dy mikrofoanen? Ach, dan sette de ûndersikers de knop fan de ûntfangstboks gewoan wat sachter?

Oer Hans de Boer? Dy’t ynienen as VNO-NCW foarsitter seit dat yn syn eigen Wytmarsum inkeld flechtlingen ûnderdak krije moatte dy’t ek oan it wurk kinne. Oaren net. Dy Hans de Boer? Ach, dy is net wizer. Mar hy sit no efkes yn it bûtenlân, as er werom komt moat er earst bewize dat hy hjir sels wol nuttich wurk docht, oars komt hy der net iens wer yn.

Oer Sander de Rouwe? Dy’t as Keamerlid ien kear syn sin trochdreau en it alkoholslot yntrodusearre. Dat wurdt no al wer fuortsmiten. Mei alle tiid en jild dat it koste hat. De Rouwe? Ach, no hearre je him net, dan is der ek neat oan.

Oer Johannes Kramer? Dy’t lûdop seit dat de provinsje Fryslân neat oan de krimp dwaan sil. Dat is foar de gemeenten, dy’t dêr hielendal gjin jild en mooglikheden foar ha, en it ryk, dêr’t minister Blok je hiel fernuvere oansjocht as je it oer krimp ha. De provinsje komt inkeld út de leunstoel as guon it net iens binne. Gjin sint jaan, mar wol mediaterke boartsje. Sa sawat. Ja, dy Johannes Kramer, dêr wol ik it wol oer ha. It is flokken. Dat kin hy syn eigen FNP dochs net oan dwaan. De partij dy’t folwoeksen waard yn de mienskiplike diskusje oer hoe’t Fryslân derút sjen moatte soe, yn it ramt fan it streekplan. En dan no mei de rêch nei alles ta stean gean, se rêde har der mar mei? Johannes, skamje dy. Dit mienst ek net, dit is net dyn gefoel. Sis asjeblyft tsjin Sander de Rouwe en dy oaren dat se dit soarte teksten sels mar de provinsje ynsmite moatte."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)