UNIS Flyers wint fan Den Haach yn Thialf

19 feb 2016 - 22:19

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha freedtejûn de thúswedstriid tsjin Den Haach mei 4-1 wûn. Yn iisstadion Thialf hie de ploech fan coach Mike Nason in bliksemstart tsjin de Hagenezen. De Feansters kamen binnen 4 minuten op in 2-0 foarsprong  troch goals fan Tony Demelinne en Marco Postma. Ek yn de twadde perioade wienen de Flyers better. Postma makke nei goed fiif minuten de 3-0.  Den Haach die wat werom troch in goal fan Salomonson.  Ronald Wurm skoarde flak foar tiid 4-1.

Troch de winst binne de Flyers wis fan de play-offs om de lânstitel. Snein spylje de Flyers tsjin Geleen, de nûmer ien yn pûl B.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)