Buro oer walfiskfarder Hidde Dirks Kat iepene op It Amelân

19 feb 2016 - 21:48

Ald-walfiskfarder Cor Gransbergen hat freedtemiddei Buro HDK 2018 iepene yn it lytse húske fan Museum Sorgdrager yn Hollum op It Amelân. HDK stiet foar de walfiskfarder Hidde Dirks Kat. Troch in portret fan Kat by de keunstmoanne fan foarich jier is it idee fan buro HDK 2018 ûntstien.

Yn 2018 is it 200 jier lyn dat it deiboek fan Kat publisearre waard en dêrmei wolle de Amelanner musea oanheakje by Ljouwert Kulturele Haadsted fan Europa. It soe neffens de inisjatyfnimmers sels sa wêze kinne dat der in Kat Festival komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)