Morgenstertsjerke krijt mear as hûndert sinnepanielen

© Google Streetview
De Morgenstertsjerke yn Ljouwert hat mei help fan in crowdfundingsaksje en mei finansjele stipe fan de gemeente Ljouwert 134 sinnepanielen ynstallearje litten op it dak fan de tsjerke. De Morgenster wol sa in bydrage leverje oan in mear duorsume wrâld en se wolle sa de enerzjykosten leech hâlde.
Yn novimber foarich jier waard in duorsumensmerk organisearre. Hjir hawwe sa'n 800 tsjerkeleden in bydrage jûn oan de aksje. De offisjele iepening fan de sinne-enerzjy ynstallaasje is no woansdei.