Wannear komt skries Amalia oan yn Fryslân?

19 feb 2016 - 18:24

Der binne al mear as 400 minsken dy't foarspeld ha wannear't skries Amalia oankomt. Sûnt dit wykein kinne minsken meidwaan oan de aksje 'Foarspel de oankomst fan skries Amalia' en hjirmei in reis winne. De reis sil dan gean nei it plak dêr't Amalia op it momint fan de foarspelling is. Op it stuit is Amalia noch yn Spanje.

Kening fan 'e greide

De wedstriid is in aksje fan King of de Meadows. Dizze organisaasje is in gearwurking fan boeren, wittenskippers en oare minsken dy't harren soargen meitsje oer greidefûgels. Se hâlde harren dwaande mei de takomst fan de natuer en de plak fan boeren dêryn. De skries is de Nasjonale Fûgel fan Nederlân; skries Amalia moat symboal stean foar de takomst fan greidefûgels.   

Fiering

Amalia soe lânje moatte yn in greide by Britswert. De ôfrûne trije jier lâne se dêr ek. Se wurdt folge mei in stjoerder. As se oankaam is, wurdt der troch King of de Meadows in fiering organisearre. De bedoeling is dat der elk jier in fiering komt as de greidefûgels wêr oankaam binne. Fûgel Amalia wurdt begjin maart ferwachte yn Britswert. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)