Utstalling oer terpeûndersyk yn Natuurmuseum Fryslân

19 feb 2016 - 18:07

De 'Vereniging voor Terpenonderzoek' bestiet hûndert jier en fiert dat ûnder mear mei in útstalling yn it Natuurmuseum Fryslân. Bern kinne dêr mei in soarte fan tiidmasine 25 pakes en beppes werom yn de tiid helje. Dy komme telâne yn in histoarysk kwelderlânskip dêr't se tal fan opdrachten útfiere moatte. By de iepening fan de útstalling waard freed ek it boek 'Graven aan de voet van de Achlumer dorpsterp' presintearre.

It boek fan Gilles de Langen en Johan Nicolay beskriuwt de opgraving fan 2009 by it doarp, útfierd troch it Instituut voor Archeologie fan de Rijksuniversiteit Grins. Benammen de situaasje om de terp hinne, is it troch dizze opgraving better yn byld kaam en wiist it op in folle breder gebrûk fan de kwelder as earder tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)