Eaststellingwerf hat grutte plannen mei takomst Appelskea

De gemeente Eaststellingwerf hat grutte plannen mei Appelskea. Plannen dy't neffens de gemeente wol 700 ekstra banen opsmite kinne. Sa komt der in nije útkyktoer en wol de gemeente ynspylje op Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 en it Drintse Veenhuizen as dat op de list fan wrâlderfguod komt. ''De ferwachting is dan dat der in soad Sinezen op ôf komme, lykas yn it bekende Giethoorn. En as minsken nei Ljouwert geane yn 2018 dan ride se meastentiids lâns Appelskea, wy kinne dêrfan profitearje'', sa seit wethâlder Sietse Derks.
Werynrjochting fan it sintrum
Ek binne der plannen om it sintrum yn te rjochtsjen mei mear winkels foar it toerisme. Neffens de wethâlder is it doarp wol taret op mear toeristen om't der dan ek in soad banen lykas gidsen oansteld wurde. De gemeente wol dat it doarp yn de kommende tsien jier yn de top 10 komt fan best besochte doarpen mei in grut ferskaat oan attraksjes.