Omrop TIP: De Reade Skries dy't neat hawwe woe

20 feb 2016 - 07:34

De komposysje ‘Reade Skries’ ûntstie yn 2007 yn Mauritanië, doe’t in deuntsje wer wat libben yn in sike fûgel brocht. Komponist Sytze Pruiksma en trekfûgelekolooch Theunis Piersma fûnen doe in reade skries dy’t neat hawwe woe. Doe’t Pruiksma op in kalimba spile, in lyts tommeharpke, woe de fûgel wer drinke. Ut it deuntsje ûntstie de komposysje Birds & Brass.

Soargen oer de skries

Pruiksma makket him soargen oer de efterútgong fan it Fryske lânskip troch de yntinsive melkfeehâlderij. Hy sjocht dat de skries, in typyske boerelânfûgel, it dreech hat. Yn tweintich jier tiid is it tal briedende pearkes yn Súdwest-Fryslân mei mear as 100.000 weromrûn. Ferlies fan fûgels betsjut ferlies fan kultuer, want wat binne wy sûnder fûgellûden yn in blomryk lânskip? Is der in relaasje tusken de efterútgong fan it kultuerlânskip en de muzykkultuer?

Muzyk

Doe’t Pruiksma op syk wie nei in pilot foar syn ‘Birds & Brass’-projekt kaam de Federatie van Opsterlandse Muziekverenigingen (FOM) op syn paad. Dy woe krekt de HaFaBra-kultuer, dy’t sterk woartele is yn Fryslân, mear ûnder de oandacht bringe. Dêrmei moat de tebekrinnende ynstream fan jonge muzikanten keard wurde, no’t der flink besunige wurdt op muzykûnderwiis op skoallen. It resultaat: ein jannewaris hawwe njoggen harmony-orkesten en brassbands út it Fryske Opsterlân ‘Birds & Brass’ útfierd.

'Kening fan 'e Greide'

‘Birds & Brass’ is in ûnderdiel fan it projekt ‘Kening fan ‘e Greide’. Boeren, wittenskippers en keunstners geane dêryn de efterútgong fan it lân tsjin mei as doel it werombringen fan de skries. ‘Kening fan ‘e Greide’ is ûnderdiel fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

De dokumintêre 'Reade Skries' is sneon om 15:30 oere en snein om 13:00 oere te sjen op NPO 2. En snein om 17.00 oere op Omrop Fryslân Telefyzje en ek nei Hjoed. Of besjoch it programma no al hjirûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)