Bistedokter Jan Pol komt foar gastles nei Nordwin Ljouwert

19 feb 2016 - 15:45

De fan tv bekende Dr. Jan Pol út Amearika komt nei it Nordwin College yn Ljouwert. De 72-jierrige bistedokter komt fan oarsprong út Nederlân en hat in populêre reality searje op de stjoerder National Geographic Channel.

Op it Nordwin College sit in neefke fan Dr. Pol. Dy hat regele dat de bekende bistedokter op moandei 22 febrewaris in gastles jout by him op de oplieding MBO-melkfeehâlderij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)