'Fryske ekonomy rint skea op'

22 apr 2012 - 09:57

It mislearjen fan de besprekkings yn it Catshuis yn Den Haach is min foar de Fryske ekonomy. Dat ferwachtet foarsitter Van Tuinen fan de Fryske ôfdieling fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. Foaral de bou hat der neffens him lêst fan dat de ûnsekerheid by keapers oer bygelyks de hypoteekrinte noch moannen duorret. Fakbûnsbestjoerder Anne van Dijk fan de FNV is it dêr net mei iens. Neffens him wie it fertrouwen just lyts, omdat de minsken benaud wiene foar de hurde besunigings fan it kabinet.

Van Dijk tinkt dat it goed is dat de besprekkings op neat útrûn binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)