Plysje kontrolearret tsientallen auto's by Terwispel

19 feb 2016 - 15:14

De plysje hat tongersdei op ferskate plakken yn Fryslân ferkearskontrôles hâlden. Dat wie ûnder oare op de A7 by Terwispel. Tsientallen auto's en de ynsittenden waarden kontrolearre. Yn ien auto waard in tas mei resten fan himp fûn. De twa ynsittenden hiene boppedat flink wat kontant jild by har. In 45-jierrige frou en in man fan 59, beiden út Grins, binne oanhâlden.

Meardere bestjoerders moasten noch in boete betelje. Dat ha se fuortendaliks dien. De plysje dielde fierder boetes út oan hurdriders en foar it riden sûnder rydbewiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)