Syktocht Nannewiid giet troch

22 apr 2012 - 09:42

Op it Nannewiid by Aldehaske wurdt snein fierder socht nei de fermiste Tjardo Bosma fan De Jouwer. Dêrby wurde ek 20 minsken fan de ME ynset. Fierder wurdt in boat mei sonar brûkt. Sneon waard dêr ek al socht. De 19-jierrige jonge kaam woansdei net thús, neidat er oanhâlden wie foar stellerij yn in winkel. Syn fyts waard fûn by it Nannewiid en in plysjehûn hat in geurspoar fûn. It wetter is sneon de hiele dei mei boatsjes ôfsocht. Ek is in helikopter ynset. De omjouwing fan it Nannewiid is ôfset foar it ûndersyk.

Mocht der snein neat fûn wurde, dan giet it ûndersyk moandei fierder nei mooglike transaksjes mei de bankpas of de OV-chipkaart. De behearders dêrfan binne yn it wykein net te berikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)