Afvaloven Nee docht oanjefte tsjin REC om spielprogramma

19 feb 2016 - 14:55
  • De ôffaloven yn Harns

Stichting Afvaloven Nee docht oanjefte oer it saneamde spielprogramma fan de REC yn Harns. Der moat neffens de organisaasje sa gau mooglik in ein komme oan it tapassen hjirfan. It brûken fan it spielprogramma kin liede ta ûnnedige útstjit fan dioksinen en metalen, lykas kwik.

It spielprogramma is neffens Afvaloven Nee dan ek yn striid mei de fergunning fan de REC. Se fine it net ferantwurde en sille meikoarten oanjefte dwaan. Neist de oanjefte docht de stichting ek in fersyk om hanthavening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)