Wytmarsum wol útstel beslút oer asylsikerssintrum

19 feb 2016 - 13:14

De gemeente Súdwest-Fryslân moat it beslút oer it asylsikerssintrum yn Wytmarsum útstelle. Dat fynt it doarpsbelang. Ynwenners fan Wytmarsum ha it idee dat se net heard wurde troch de gemeente.

Se fiele har oerfallen, omdat der net genôch tiid siet tusken de earste brief fan de gemeente en de ynformaasjejûn dêr't se ynsprekke koene. Doarpsbelang wol no in enkête hâlde, sadat alle ynwenners de gelegenheid krije om harren stim hearre te litten.

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Súdwest-Fryslân prate kommende tiisdei mei mekoar oer it asylsikerssintrum yn Wytmarsum. Dan sille se it ek oer dizze oprop fan it doarpsbelang ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)