Frou út Kollumersweach fermist nei fuortrinnen fan hûs

19 feb 2016 - 10:45

De 24-jierrige Maxine Severijnse út Kollumersweach wurdt sûnt tongersdeitemiddei fermist. De frou hat in ferstanlike beheining en is fan hûs fuortrûn.

Maxine hat in lingte fan 1.83 meter, hat brún hier mei blonde lokjes, in stevige bou en in blanke hûdskleur. Nei alle gedachten hat sy in ljochtblauwe spikerbroek en in swarte jas oan en hat sy in swarte hântas by har. De plysje wol graach dat minsken dy't har sjoen hawwe of mear witte oer de fermissing, harren sa gau as mooglik melde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)