Kollum: "Smoking jo geiten?"

19 feb 2016 - 09:02

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"Begjin mar fêst te oefenjen mei stokjes, want de Sinezen komme der oan. Giethoorn wurdt te drok, de Sineeske toeristen falle neffens ús heit hast út de boatsjes, sa fol wurde de flústerboatsjes proppe. Amsterdam streamt al hielendal oer mei toeristen, de stêd sakket hast troch har houten peallen.

Boargemaster Van der Laan fan Amsterdam hat yn panyk roppen: helje se der wei! Dus Fryslân: yn it spier om de Sinezen nei ús heitelântsje fol sleatsjes en pittoreske doarpkes te lûken. Mar dan wol op alderhande trekpleisters Sineeske restaurants iepenje!

Want se hâlde nettsjinsteande de reislust, foaral in hiele protte fan Sineesk iten. It lykje wol Hollanners. Dy kinne ek net sûnder in brochje mei hagelslach of tsiis en ierappels. No, dat jildt ek foar de Sinezen. Se wolle graach Sineesk ite. Dat ha ik leard fan myn freondinne Eefje Rammeloo. 

Eefje is sûnt in pear jier Sina-korrespondint en wennet no mei har man en dochterke yn Sjanghai. Har dochterke lûkt altyd in protte oandacht mei har blonde sturtsjes. Minsken bliuwe stean, wolle har fotografearje en oanreitsje. Ik hie Eefje, as Sina-ekspert, frege wat wy dwaan kinne om de Sinezen nei Fryslân te krijen. Yndied, seit se, autentike dinkjes, dêr krije se it waarm fan. Of as se yn elts gefal mar it gefoel ha dat it autentyk is. Buorkerijen, grachtsjes en Hollânske kneuterigheid. Mar set se net oan in board mei ierappels. Dan bliuwe se seker fuort.

Ik sjoch it al hielendal foar my. Busladingen fol oer de A6 en dan oer de Galamadammen nei it reedrydmuseum yn Hylpen. Sinezen mei grutte kamera's op de búk dy’t harren fergapje oan it Alvestêdekrúske van ús Kening en de tean dy't ôfferzen is.

Dêrnei jaget de toerbus fan Paulusma Reizen troch nei Sleat, want Sinezen hâlde dus fan autentyk en grachtsjes en brechjes. Dat hat Hylpen ek allegear, mar je moatte de ynkomsten wat ferdiele no. Moat er dus wol in Sineesk restaurant komme. Kin wol bûten de ring fan Sleat. Kinne se dêr middeisite. Mar it moat dus wol autentyk wêze. Dus absolút gjin Nederlânske Sinees. Ik kin wol wat ûndernimmers út de Sineeske buert hjir yn Den Haag optrommelje.

Dêrnei gau efkes in foto by de mûne en it kanon en wer troch. Op nei Ljouwert. Efkes in rûntsje om De Waag, hartstikkene autentyk. Dêrnei jaget de toerbus van Paulusma werom de A6 oer, efkes lâns it Woudagemaal op De Lemmer. Leuk foar ús heit, hy is dêr frijwilliger. 

Lit se dêr neist it gemaal in noedel-toko begjinne, want tsjin dy tiid binne ús toeristen fêst wer wat roppich. 

Ik sil ús heit fêst oan de Google-Translate sette. Fan Frysk nei Sineesk. Kin hy se wolkom hjitte. Oft dat Google Translate betrouber is, is trouwens wol efkes de fraach. Ik hie om it út te probearjen efkes ynfierd: roken uw geiten? Der kaam út: smoking jo geiten? 

Mar knoopje dus yn de earen: Sineesk iten moat it wurde. Dêr gean we de Sinezen mei feroverjen. Net tsjin de Limboargers sizze. Dy wolle de Sinezen ek ha. Dus hold your horses mei de oranjekoeke, sûkerbôle en broadsjes krûdtsiis!
Hold your horses. Fyn ik altyd sa'n leuke útdrukking. Of sa as Fryske Google Translate seit: tuike tuike!"

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(advertinsje)
(advertinsje)