Toulûkers Deinum-Britsum winne sulver op WK yn Volendam

© Omrop Fryslân
De 640 kg toulûkploech fan Deinum-Britsum hat tongersdei yn Volendam sulver helle op de earste dei fan it WK toulûken foar klupteams. As pûlwinner pleatste it achttal him foar de heale finale. Hjir waard yn in Frysk duel wûn fan It Heidenskip.
Yn de finale wie it Ierske St. Pats te sterk foar Deinum-Britsum. It Heidenskip ferlear de striid om it brûns tsjin it Skotske Tinto. Der diene 21 teams mei oan it WK foar klupteams yn dizze klasse.