Polityk yn Tytsjerksteradiel is ferdield oer keapsnein

18 feb 2016 - 22:51

De politike partijen yn Tytsjerksteradiel binne swier ferdield oer de ynfiering fan de keapsnein yn de gemeente. Tongersdeitejûn kaam in riedsfoarstel oer de keapsnein yn opinyfoarm oan 'e oarder. In lytse moanne lyn rûnen by de ûndernimmers yn in harksit de mieningen ek al útinoar, fan hielendal net iepen oant alle sneinen iepen. Tongersdei wie dat by de polityk net oars. Der waard pittich diskusjearre. En ek binnen partijen binne de mieningen ferdield.

Bygelyks by de FNP binne foar- en tsjinstanners. It kolleezje is no oan set om mei in foarstel te kommen nei de ried ta. Dy moat dan úteinlik it beslút nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)