Alkoholslot yn it ferkear is ferline tiid

18 feb 2016 - 21:41

It alkoholslot is ferline tiid. Dat hat minister Ard van der Steur fan feiligens en justysje tongersdei yn in brief oan de Twadde Keamer witte litten. It alkoholslot is in startûnderbrekker yn de auto. In bestjoerder dy't tefolle dronken hat, krijt de auto net oan 'e praat.

Yn it begjin lei it CBR, it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen, sa'n slot op. De Hege Ried en de Ried fan Steat stutsen dêr in stokje foar. It kabinet hat noch ûndersocht oft de rjochter sa'n alkoholslot oplizze kin, mar de ferwachting is dat dat net gau barre sil.

Earder en langer

Neffens minister Van der Steur is de ferwachting no dat de rjochter earder en foar in langere perioade oplizze sil, dat ien net ride mei. By it advokatekantoar Anker en Anker binne se noch hieltyd dwaande mei saken by de Hege Ried. Juridysk meiwurker Nico de Vries fan it Ljouwerter kantoar hie in skoftsje lyn de ferwachting fan de ein fan it alkoholslot al útsprutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)