Boot Holland lûkt hast 38.000 besikers nei WTC Expo

18 feb 2016 - 19:18

De 26e edysje fan Boot Holland yn it WTC Expo yn Ljouwert hat in lytse 38.000 besikers lutsen. Dat binne sawat fiifhûndert mear as ferline jier. De earste ynskriuwingen en tasizzingen foar 2017 binne al wer dien, sa lit de organisaasje witte. Dit jier wienen der sa'n 300 standhâlders op Boot Holland.

Wat fierders opfoel, is dat de besikers dit jier mear tiid op 'e beurs trochbrocht hawwe. Neffens de organisaasje hat dat by de bedriuwen ek mear resultaat opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)