Makro Ljouwert makket de omslach nei nij konsept

18 feb 2016 - 19:00
  • Makro

De Makro yn Ljouwert wurdt dit jier yngripend ferboud. Dat seit in wurdfierder fan it bedriuw. Makro makke tongersdei bekend dat de winkels fan de ûndernimming de kommende trije jier feroarje sille nei in nij konsept. Makro Ljouwert is ien fan de earste filialen dy't oanpakt wurde. De feroaring hâldt ûnder oare yn dat yn de Makro's romte komt foar lytse ûndernimmingen, oare winkels, fergaderromte en moetingsplakken.

Makro wurdt sa njonken in winkelbedriuw ek oanbieder fan tsjinsten foar tredde partijen.

Oer de gefolgen foar de wurknimmers yn Ljouwert is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)