Noch gjin oplossing foar konflikt oer ferfier dokterswachten

18 feb 2016 - 18:53

It konflikt oer it ferfier fan de dokterswachten yn Fryslân dat al in jier rint, is noch net út de wei. De dokterswachten wurde op it stuit nei de pasjinten riden troch Kijlstra út Drachten. Mar dat kontrakt, fan sa'n oardel miljoen euro yn it jier, rint op 1 maart ôf.

Ferline jier is troch de Dokterwacht in oanbesteging útskreaun, dy't útrûn op in striid tusken Kijlstra en Witte Kruis út Den Haach. Witte Kruis wûn dy striid. Mar Kijlstra en Dokterswacht binne it dêr net oer iens en sykje in útwei om de oanbesteging oer te dwaan.

Oare oanbesteging

De rjochter seit dat dat allinnich kin as der echt in oare oanbesteging komt. Yn ôfwachting fan in definitive oplossing is it kontrakt mei Kijlstra mei in jier ferlinge oant 1 maart 2017.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)