Atsma: swarte dei foar ús lân

It ôfbrekken fan de ûnderhannelings oer 14 miljard euro oan besunigings betsjut in swarte dei foar Nederlân. Dat seit CDA steatssekretaris Joop Atsma fan Surhústerfean. Hy neamt it in grut drama foar de Nederlânske ekonomy dat de besunigings no net trochgean kinne. Hy kin der mei syn ferstân net by dat de PVV yn de ôfrûne 7 wiken wol akkoart gongen is mei ûnderdielen fan de plannen, mar him no op it lêst weromlûkt. Atsma syn partij stiet der yn de peilings hiel min foar, mar dêr makket er him noch gjin soargen oer.
It giet no earst om in lânsbelang, sa is syn reaksje. Hy fynt dat de PVV dêr in pokerspul mei spile hat.