IkPas: 30 dagen gjin alkohol drinke

18 feb 2016 - 14:38

Under de namme IkPas begjint de hegeskoalle Windesheim, yn 'e mande mei de GGD, it Trimbos ynstitút en ynstellingen foar ferslavingssoarch, in aksje om 30 dagen gjin alkohol te drinken.

Elkenien kin meidwaan. De aksje duorret fan 1 oant en mei 30 maart. IkPas is benammen bedoeld om minsken ûnderfine te litten dat alkohol net gewoan is. It moat ek in foarbyld wêze foar de jeugd.

Minsken kinne har oanmelde op www.ikpas.nl en dêr tips en ûnderfiningen útwikselje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)